Eylandt Flielandt

Cultuur Historische Vereniging

Lytse wrak Westerveld 2

Hoe't it begûn

Yn 2013 waard troch de Flylanners Michael Horn en Cees Potiek in houten skipswrakje fûn op it Waad súdlik fan it doarp East-Flylân.



Michael Horn hat it wrakje by de Rijksdienst Cultureel Erfgoed (RCE) oanmeld. Op grûn fan de tastjoerde ynformaasje en fanwegen de akute bedriging fan it fynplak, besleaten de argeologen fan it Maritym Programma in wurdearjend fjildûndersyk út te fieren. Dat ûndersyk, útfierd yn 2014, brocht de restanten fan in ridlik lyts, goed bewarre, trôchskipke út it midden fan de sechstjinde iuw foar it ljocht.




It skipke

Dit pandeksele of oernaadse skipke hat de toponym Vlieland Westerveld 2 fan de RCE meikrigen en hat in soad skaaimerken fan it type 'waterschip' (skippen mei in trôch).

Dit soarte fan pandeksele skippen wurde ta it âldste type 'waterschip' rekkene. It skipke dat op dit plak fûn is, is ek pandeksele of oernaadsk boud en stamt út it tiidrek dat der in stadige oergang wie fan pandeksele nei karavelkonstruksje skippen. Wat dit lytse wrak no sa bysûnder makket, is dat it gâns lytser is as alle oare skippen mei in trôch. It lytsere formaat, de ranke bou, de twa trôgen en de fynsten dy't dien binne, soene der op wize kinne dat dit skipke ornearre wie foar de fiskfangst en mooglik it ferfier fan fisk nei de merk yn in stêd. Dêrmei ûnderskiedt it him fan de mear bekende fiskersskippen. Fan it lytse wrak is it boppeste part, fan de trôch ôf, ferdwûn. De restanten binne yntakt en sitte noch aardich yn ferbân.


Fynsten

By it fjildûndersyk waarden û.o. parten fan de foarstjûne, in spjirre of spant, part fan gong G4/BB en ferskate fragminten fan nullehout fûn.

Yn it foarskip binne neist turfblokken ek estrikken fûn, dy't mooglik fan in stookplak komme. It liket der sadwaande op dat it skipke útrist wie mei in plak dêr't in fjurke stookt wurde koe. It is goed foar te stellen dat turfkes ta de standertútrissing hearden.  Dy stelden de bemanning by steat in fjurke oan te stekken om bgl. in miel iten klear te meitsjen.

Byinoar waarden turfkes, inkelde estrikken, ierdewurk, bakstiennen, natuerstien, lear, in stikje tou, in blok (houten katrol), fragminten fan in tonneboech en in hoep, in silindrysk ding fan hout, in arkstôk, in objekt fan bûkehout mei in gat, in heidebjinder, (in boarstel makke fan skrobberheidestrûken), spikers en in slypstien yn it lytse wrak fûn. Letter koene dêr noch ferskate angelhoeken en in skipsheak oan taheakke wurde.



Ut en fan it skip sels binne meunsters sammele, mei dêrby in reparaasjeplanke, brousel en in mooglike turfplagge en ferskate losse meunsters. Dy meunsters binne troch BIAX, in bedriuw dat spesjalisearre  is yn argeobotany en paleobotany, ûndersocht. Dat waard mooglik makke mei help fan in subsydzje fan it Reuvensfonds.


Het It skipke is broud mei moasken, benammen sekel. Nei alle gedachten giet it om sompesekel, in algemiene soart dy't ek op Flylân foarkomt. Letter is it skipke opknapt. Dêr is in ikehouten planke foar brûkt,  dêr't it skipke ek fan makke is. It brousel ûnder de spiker fan dy opknapfaze hat deselde gearstalling as it 'oarspronklike' brousel en dat soe derop wize kinne dat it skipke  yn 'e omkriten fan wêr't it boud is, opknapt is.

De feanêftige blokken dy't by de estrikken yn it foarskip fûn binne, blike op grûn fan de oanwêzigens fan typyske heechfeanplanten, mei derûnder snippegers, strúsheide, skrobberheide, feanmoas en seadsigge,  yndie turfplaggen te wêzen. Dy hawwe nei alle gedachten tsjinne as brânstof foar de skipper.

Yn de losse meunsters dy't yn it beunskipke samle binne, binne ferskate gebrûksgewaaksen fûn, mei dêrûnder fruchten (apel, drúf, gewoane flear, wichter (blauwe spill) en fiich), nuten (hazzenút, wâlnút, ytkastanje) en oaljehâldend sied (flaaks, lynsie en blaukop). Dy resten hawwe sa't it liket diel útmakke fan de itensfoarrie fan de skipper.  


De resten fan de trôch fan it wrak binne ek ûndersocht. De fiskbonken binne determinearre mei help fan de ferlikingskolleksje fan de RCE. Yn totaal binne 548 fiskbonkjes analisearre.

Op grûn fan tallen, konservearring en ferdieling oer de skeleteleminten kinne wy konkludearje dat it skipke by it sinken op syn minst 10 skollen en 4 gibben yn 'e trôch hie. De oare fiskresten kinne letter mei it ynspielen mei sân meikommen wêze. Njoggentsjin bonken fan de gib binne yn de ferlikingskolleksje fan de RCE opnommen.



En fierder…….?

De resultaten fan it ûndersyk jouwe it skipke in trochsneed oant hege wurdearring foar de ynhâldlike en fysike kwaliteit, en dêrmei kin it lytse wrak as te behâlden kwalifisearre wurde. Troch natuerlike en minsklike aktiviteit kin it lykwols net op it plak sels bewarre bliuwe. Benammen de algeduerigen eroazje troch in slinke deunby it fynplak foarmet in direkte bedriging. It advys is dan ek dat de gemeente aksje ûndernimt om it lytse wrak tsjin dy eroazje te beskermjen of it op te graven.


Op 6 oktober 2023, tsien jier nei it ûntdekken fan dit bysûndere wrak, is by de Postweg, krekt bûten de buorren, in bysûnder keunstwurk ûntbleate dat besikers wiist op de lizzing fan it wrakje.

It keunstwurk is makke troch Maarten Nijman, dichter yn stiel en mei mooglik makke troch golle subsydzjejouwers, te witten Cultuurhistorische Vereniging Vlieland, it Iepen Mienskipsfûns en de gemeente Flylân.  


Yn 2025 wurdt yn Museum Tromp's Huys in tydlike útstalling hâlden oer dit lytse wrak, dêr't de ferskate fynsten bewûndere wurde kinne.

Wolkom


Jo binne op dizze side telâne kaam om't jo de QR koade brûkt hawwe, dy't oan it keunstwurk, dat op 'e hichte fan it lytse wrak Westerveld 2 stiet, fêstmakke is. As jo fan it bankje ôf, oer it Waad útsjogge, dan sjogge jo no allinnich de beakens, dy't Rykswettersteat op de hoekpunten fan it plak, dêr't de restanten fan it skipke (dat like op in pinke) op 'e boaiem fan it Waad lizze, pleatst hat. Op dizze side kinne jo yn 'e kunde komme mei in unyk lyts wrak út de 16e iuw.



Kaakbonke fan de gib (Belone belone)

Oernaadse bou

Model basearre op fynt

Skipsheak út 'e boat syn bun

Wrak, in situ septimber 2016

ûntbrekken fan it boppeste part fan de troch

     Ûndersyk fan de boaiem om it wrak mei in prikkert